Epke Zonderland ek net yn EK-finale op brêge

16 apr 2015 - 19:39

Turner Epke Zonderland hat tongersdei ek op de brêge gjin finaleplak helle op it EK yn Montpellier. Hy helle in skoare fan 14,908, mar dat wie net genôch om by de bêste acht te hearren. Earder op de dei pleatste Zonderland him ek al net foar de finale oan de rekstôk, om't er der ôf foel. Foar Zonderland sit it EK der no op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)