Resi Wonen Wommels wurdt wen-wurkkompleks

16 apr 2015 - 19:02

Yn it âlde gebou fan Resi Wonen yn Wommels komme 14 nije wurk- en wenplakken. It gebou oan de Boalserterfeart stiet no hast twa jier leech. Yn 2012 gong Resi Wonen fallyt.

Undernimmer Auke Bruinsma fan Leons hat it pân fan 7500 kante meter kocht. It gebou wurdt opdield yn 14 wurkplakken fan 300 oant 680 kante meter. Boppe de wurkplakken komme wenplakken fan 10x10 meter. Bruinsma hat de Grouster arsjitekt Rein Hofstra ynskeakele foar it meitsjen fan it ûntwerp. Ferwachte wurdt dat simmer 2016 de earste ûndernimmers yn it nije gebou kinne.

Trefwurden: 
Wommels Resi Wonen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)