Presintaasje nij Frysk Lieteboek stiet faai

16 apr 2015 - 16:44

De presintaasje en útjefte fan it nije Frysk Lieteboek foar de tsjerken stiet faai. In tsiental auteurs is it net iens mei de bewurking dy't der fan harren liet makke is. Sy easkje dat de presintaasje fan it Lieteboek fan no sneon net trochtgiet en dat it Lieteboek net ferkocht wurdt. Sa nedich wolle se dat ôftwinge mei in koart pleit.

De Fryske oersettings binne makke troch in redaksje mei stipe fan saakkundigen. De auteurs dy't beswier meitsje sizze dat sy gjin tastimming jûn jawwe foar de oersetting sa't dy yn it lieteboek kaam is.

It giet om in lytse 80 lieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)