Minder tweets op fjirde Fryske Twitterdei as ferline jier

Fryske Twitterdei © Omrop Fryslân
It tal tweets dat juster op de fjirde Fryske Twitterdei ferstjoerd is, bleau achter ferlike mei foargeande edysjes. Foarich jier waarden hast 6500 saneamde unike tweets ferstjoerd, justerjûn stie de teller op 3500.
De tweets mei de hekstek "frysk" komme wol wer oeral wei, fan Japan oant Súd-Afrika. Opfallend is neffens de organisaasje it tal MKB-bedriuwen dat meidocht oan de Fryske Twitterdei. Mirjam Vellinga fan de AFUK is dochs tevreden mei it tal tweets.
"Foarhinne namen wy it foartou en waarden ús tweets retweeten. Dit jier woenen wy foaral dat minsken sels oan it wurd kamen en har eigen berjochten makken." Oft der folgjend jier wer in Fryske twitterdei komt is noch net bekend.