Ynspeksje: santjin Fryske basisskoallen binne swak

16 apr 2015 - 14:03

It tal 'swakke basisskoallen' is sûnt 2013 ferdûbele en dêr sit noch gjin ferbettering yn. It giet mei-inoar om 17 skoallen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Underwiisynspeksje, dy't alle seis moannen de sifers bekendmakket. Skoallen wurde beoardiele as swak, as se ferskate jierren achterinoar minne prestaasjes hawwe. It giet dan om saken as tefolle sittenbliuwers, of te min lesoeren.

As de ûnderwiisynspekteur ek fan miening is dat it ûnderwiis sels net yn oarder is, wurdt de skoalle as 'tige swak' registearre.

Op de website fan de ûnderwiisynspeksje kinne je besjen hokker skoallen it stimpel 'swak' krigen hawwe fan de ûnderwiisynspeksje.

klik hjir foar it oersjoch

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)