SC Cambuur: achtste plak is doel en dat soe unyk wêze

"It soe prachtich wêze as wy it achtste plak helje. Dat soe unyk wêze en dan miskien wol yn de neikompetysje foar Europeesk fuotbal." Dat seit Cambuur-trainer Henk de Jong. Syn ploech nimt it freedtejûn op tsjin Excelsior. Cambuur stiet no op it njoggende plak mei 39 punten, likefolle as Willem II en FC Grins.
Excelsior hat de punten nedich om út de ûnderein te bliuwen. De Rotterdammers ha 30 punten, goed foar it 14e plak. By de Ljouwerters is Vytas werom nei in blessuere, Daniël de Ridder en Marlon Pereira binnne net alhiel fit.