Feanster oppakt foar drugshannel op It Hearrenfean

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 25-jierrige man út It Hearrenfean oanhâlden foar drugshannel. By it sjen fan de plysje-auto dûkte de man fuort yn in tún oan de Boargemaster Falkenawei.
De plysje fûn dêr in tas mei pûdsjes kokaïne, in flesse mei nei alle gedachten GHB en oar guod dat drugsdealers brûke lykas in weachskaal.