Fries Museum wint museumpriis fan 100.000 euro

It Fries Museum hat de museumpriis wûn. Meiwurkers fan it Fries Museum waarden tongersdei ferrast troch minsken fan de BankGiroLotterij, dy mei in sjek fan 100.000 euro op de stoepe stiene. It museum hat bot kampanje fierd om safolle mooglik stimmen te lûken, mar ek de twa oare musea yn de finale diene dat.
Under de stimmers wurdt in reis fan fiif dagen nei New York ferlotte. It tal útbrochte stimmen wie dit jier folle grutter as oare jierren. It Amsterdams museum en it Zeeuws museum wiene de konkurrinten fan it Fries Museum.
It Fries Museum krige mear as 40 persint fan de stimmen, it Zeeuws museum krige 32,2 % fan de stimmen en it Amsterdam Museum kaam net fierder as 27,6 %. Mei-inoar diene de ôfrûne moanne 71.469 mei oan de ynternetstimming foar it favorite museum en dat is twa kear safolle as ferline jier.