Legionella yn sporthal De Drait yn Drachten

16 apr 2015 - 10:12

De gemeente Smellingerlân lit sporthal de Drait opknappe neidat hjir by in kontrôle legionella oantroffen is. De skealike baktearje is fûn yn ien fan de klaaikeamers. Legionella kin in ynfeksje oan de luchtwegen feroarsaakje. De klaaikeamer is fuortendaliks ôfsletten.

Yn de maaiefakânsje wurde de wetterliedings ferfongen en wurdt de trochstreaming fan it wetter ferbettere. De wurksumheden kostje goed 30.000 euro.

Trefwurden: 
sporthal legionella De Drait
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)