"Beskermingsmaatregels Waadsee foldogge net"

16 apr 2015 - 09:30

De Waadsee moat folle better beskerme wurde. Dat sizze ûndersikers fan ûnder oare de universiteit fan Grins. Jierrenlang ûndersyk toant oan dat der op it Waad fiif toplokaasjes binne mei in hiele hege ekologyske wearde. En de beskermmaatregels dy't der no binne, litte de measten hjirfan links lizze. De toplokaasjes lizze allegearre yn de lijte fan de eilannen. Dêr is de krêft fan wyn, golven en tij it leechst, en dêrtroch binne dêr in protte droechfallende skelpdierbanken en seegersfjilden. En dêr komme dan wer fûgels op ôf.

It besteande beskermingsnivo is 'buitengewoon laag' sizze de ûndersikers. By It Griend bygelyks, wêr't ien fan de toplokaasjes leit, wurdt hiel bot fiske. It ûndersyk wurdt hjoed presintearre op in sympoasium yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Waadsee mokselbanken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)