Fjouwer oanhâldings foar mooglik sjitynsidint yn Ljouwert

Op de Dammelaan yn Ljouwert hat woansdei oan it begjin fan de jûn mooglik in sjitynsident west. Der is by de plysje troch twa minsken melding makke dat der fanút in auto yn de loft sketten wêze soe. De auto is trochriden. Der is gjin ien ferwûne rekke. It is noch net dúdlik wêr't mei sketten is en oft der yndie sketten is.
De plysje hat yntusken mei help fan tsjûgen trije mannen en in frou oanholden en in auto yn beslach naam. Der binne ek hulzen fûn troch de plysje op de Dammelaan.