Omrop TIP: Fryske tsjerketsjinst op radio en televyzje

© ANP
Hûndert jier lyn waard de earste tsjerketsjinst yn it Frysk hâlden yn Tsjom. Yntusken is it Frysk geregeld te hearren yn de Fryske tsjerken yn de preek en by it sjongen. Omrop Fryslân stjoert dêrom op snein 19 april in Fryske tsjerketsjinst live út op radio en televyzje. It is foar it earst dat Omrop Fryslân in Fryske tsjerketsjinst op televyzje útstjoert.
De tsjinst is fan 10.00 oant 11.00 oere. Middeis is de útstjoering fan 15.00 oant 16.00 oere nochris te sjen op televyzje. De Fryske tsjerketsjinst wurdt hâlden yn tsjerke ‘De Oerdracht’ op ‘e Jouwer. Cor Waringa is de foargonger. Under de tsjinst sjongt de protestantske gemeente mei de kantorij folop út it nije Frysk Lieteboek, dat dit wykein presintearre is.