Bestjoerskandidaten KNSB lûke harren werom

15 apr 2015 - 16:19

Alle kandidaten foar de nije ried fan tafersjoch fan reedridersbûn KNSB hawwe har weromlutsen. De foar no sneon plande bestjoersferkiezing is dêrom skrast. De KNSB hat dat woansdei sels bekend makke. Bernard Franssen luts him werom as beëage foarsitter omdat hy neffens himsels ûnfoldwaande draachflak by de gewesten hat. As reaksje op dit beslút hawwe ek de oare fiif kandidaten har weromlutsen.

It algemien bestjoer fan de KNSB fynt it spitich dat de kandidaten har weromlutsen hawwe, mar giet dochs troch mei it nije bestjoersmodel.

"De bestuurlijke vernieuwing is een onomkeerbaar proces dat al in een vergevorderd stadium is", sa lit in wurdfierder fan it reedridersbûn witte. De lederied fan de KNSB praat sneon oer de ûntstiene situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)