Súdwest-Fryslân: Wynmûnen lâns de Ofslútdyk kin wol

15 apr 2015 - 16:13

In trije-lijnsopstelling fan wynmûnen lâns de Ofslútdyk is mooglik. De taakstelling om sa yn 2020 316 megawatt wynenerzjy op te wekken, is helber. Dat hat buro Arcadis yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân ûndersocht. Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân wol mei de útkomsten fan it ûndersyk minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken oertsjûgje werom te kommen op syn eardere beslút.

Ferline wike hat Kamp besletten dat Fryslân wynenerzjy opwekke moat foar de kust by Makkum. De gemeente Súdwest-Fryslân wol dat net.

In wynpark yn de Iselmar soe min wêze foar it toerisme yn de regio. Wethâlder Akkerman wol ek foar it foarstel fan Súdwest-Fryslân lobbye by de leden fan de Twadde Keamer. Provinsjale Steaten koe it earder net iens wurde oer in definitive kar foar de wynmûnelokaasje. Mei-inoar moat Fryslân 530,5 megawatt oan wynenerzjy opwekke fan it Ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)