Motorrider komt om by ûngelok op Skylge
De motorrider dy't woansdeitemiddei belutsen wie by in earnstich ûngelok op Skylge is oan syn ferwûnings ferstoarn. Dat hat de plysje woansdei bekend makke. It giet om in 33-jierrige man fan Midslân. De man kaam yn West yn botsing mei in auto. De oarsaak fan dat ûngelok is noch net bekend.
De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.