Provinsje en natuerbehearders slute stikstofakkoart

15 apr 2015 - 13:58

De provinsje, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, Natuermonuminten en Steatsboskbehear hawwe woansdei in akkoart sletten oer de útstjit fan stikstof. Yn de oerienkomst meitsje alle partijen ôfspraken om de útstjit fan stikstof te beheinen. Dat wurdt ûnder oare dien mei plagjen, meanen en de ynset fan skiep en kij by it weidzjen. In oare maatregel is it ferheegjen fan it wetterpeil yn natuergebieten.

De provinsje stekt de kommende seis jier 24 miljoen euro yn it projekt.

Neffens deputearre Johannes Kramer is it tenei mooglik dat de natuer fersterke wurdt en dat tagelyk de lânbou útwreidzje kin. "Ekology en ekonomy kinne troch ien doar. Ofspraken hjiroer hawwe we hjoed fêstlein yn it boargingsdokumint PAS”, sa seit Kramer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)