Keallen dea troch giftige gassen yn De Haule

15 apr 2015 - 13:46

Op in pleats oan de Doarpsstrjitte yn Haule binne alve keallen dea gien troch gassen dy't frijkamen by it miksen fan dong. Wat der krekt bard is, is noch net rjocht dúdlik. De helpferlieners binne noch mar krekt by de pleats oankaam. Wol is dúdlik dat der gjin minsken ferwûne rekke binne.

Presys in wike lyn wie der ek sa'n ûngelok mei it miksen fan dong. Dat wie oan de Pasveerdyk yn Loaiïngea. Trije kij giene dêr dea, de boer koe krekt op tiid út de stâl komme en moast behannele wurde troch ambulânsepersoniel.

Yn 2013 barde der in slim ûngelok mei gassen út dong yn Makkingea. By it skjinmeitsjen fan in dongsilo kamen trije minsken om it libben. De ûndersyksried foar feiligens konkludearre doe dat der op boerehiemen faak temin kenns is fan de gefaren fan dong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)