Frysk Jeugdparlemint los

15 apr 2015 - 12:27

Jongerein fan acht Fryske skoallen makket trije dagen de tsjinst út yn Fryslân. Sa'n 80 jongeren hawwe oant en mei freed de kâns om provinsjale steaten nei te spyljen. Dit bart yn it ramt fan it Frysk Jeugdparlemint 2015 yn it provinsjehûs.

Doel fan it evenemint is om jongeren mei polityk kennismeitsje te litten. De jongeren sille twa dagen oan in sels betocht foarstel wurkje, mei help fan in tal steateleden en amtners. Op freed wurde de foarstellen behannele. Foar de bêste foarstellen is 2500 euro beskikber om se út te fieren.

It giet dan wol allinnich om foarstellen dy't op freed by de algemiene gearkomste fan it Frysk Jeugdparlemint in mearderheid krije.

Trefwurden: 
jeugdparlemint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)