Fúzje soarchgroepen Tellens en Plantein giet troch

15 apr 2015 - 10:27

De fúzje tusken soarchgroepen Tellens en Plantein kin definityf trochgean. It útstel fan de rieden fan bestjoer is posityf ûntfongen troch de ûndernimmingsrieden en kliïnterieden. Nei de fúzje ûntstiet in soarchgroep mei hast 3000 meiwurkers. Ferline jier hiene de twa soarchgroepen al in yntinsjeferklearring ûndertekene foar in bestjoerlike fúzje. Se geane hjir no mei fierder.

De fúzje is neffens de soarchgroepen needsaaklik om de soarch foar âlderein op it plattelân betelber en berikber te hâlden.

Trefwurden: 
Fúzje Tellens Plantein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)