It Amelân spuitet goed 1,3 miljoen kúb sân op it strân

14 apr 2015 - 22:58

Rykswettersteat spuitet de kommende moannen goed 1,3 miljoen kúb sân op it strân fan It Amelân. De nije sânlaach oan de noardwest kant fan it eilân moat der foar soargje dat It Amelân ek de kommende jierren goed beskerme bliuwt tsjin it seewetter. De stiging fan de seespegel soarget der foar dat It Amelân hieltiid mear terrein ferliest. Rykswettersteat wol dat foarkomme troch op meardere plakken nij sân oan te bringen.

It wurk oan de noardwestkant fan it eilân duorret noch oant begjin augustus en giet 24 oeren deis troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)