Grut sûnensûndersyk ûnder bern tusken 4 en 12 jier

Der komt in grut ûndersyk ûnder 22.000 Fryske bern om te sjen hoe't it giet mei harren sûnens. Dat ûndersyk sil dien wurde troch de GGD. Dizze wike falt by de âlden fan de bern tusken de 4 en 12 in útnoeging op de matte om online in fragelist yn te foljen. Dan giet it bygelyks oer hoe faak bern siik binne, hoe faak se sporte en oft se ek lêst hawwe fan oergewicht. De útkomsten fan it ûndersyk sille nei de gemeenten stjoerd wurde. Dy kinne dan it belied dêr op oanpasse.