Bear Boeloe fiert 20e jierdei mei oranjekoeke foar alle bern

Bear Boeloe bestiet 20 jier. It berneprogramma fan Omrop Fryslân is nei de Fabeltjeskrant it langst rinnende programma foar bern dat yn Nederlân makke is. De bear fan Skiermûntseach fiert syn jierdei mei oranjekoeke foar alle bern yn Fryslân. Fan woansdei oant en mei sneon kinne skoalbern fergees by dielnimmende bakkers in stikje helje.
Bear Boeloe is betocht troch tekeneresse Helena de Boer fan Iens. Se hat sûnt de start yn 1995 mear as 700 ferhalen tekene. Feije van der Meer docht de stim fan de bear en makket it programma foar de omrop.
Fanwege it jubileum giet Bear Boeloe woansdei sels del by ferskate Fryske sikehûzen en dielt dêr oranjekoeke út oan de bern. Dit is live te folgjen op radio en ynternet. Op televyzje binne de hiele dei ôfleverings te sjen fan de bear. Ek is der noch in kleurplaatwedstriid foar de bern.
Alle ynformaasje oer de jierdei fan Bear Boeloe en de dielniemmende bakkers steat op omropfryslan.nl/bearboeloe.