Reedrider Douwe de Vries ferlingt kontrakt

14 apr 2015 - 17:11

Reedrider Douwe de Vries hat syn kontrakt by reedridersploech LottoNL-Jumbo mei in jier ferlingd. De 32-jierrige De Vries fan It Hearrenfean makke it ôfrûne seizoen de oerstap nei de formaasje fan coach Jac Orie.

Douwe de Vries prestearre de ôfrûne moannen poerbêst. Sa waard er wrâldkampioen mei Sven Kramer en Koen Verweij op de ploege-achterfolging en helle er brûns op de 5 km op it WK. In wike letter ferbettere er ek noch it wrâldoererekôr yn Calgary.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)