Huzen dêr't Joaden wennen te besjen yn Snits

14 apr 2015 - 14:52

Snits docht mei oan it projekt Open Joodse Huizen. Op 3 maaie fine yn in sântal huzen yn Snits, dêr't yn de oarloch Joaden ophelle binne, persoanlike betinkings plak. Famyljeleden en oare belutsenen fertelle oer it foaroarlochske Joadske libben en oer de oarloch sels, lykas ferfolging, ûnderdûken en deportaasjes.

In protte minsken dy't no yn de buert wenje fan de Joadske huzen binne ynteressearre yn de Joadske skiednis. Snits is de earste Fryske stêd dy't meidocht oan Open Joodse Huizen. It lanlike projekt bestiet trije jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)