Lilke man reagearret him ôf op auto op Aldehoustertsjerkhôf
In 48-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei oanhâlden nei't er tsjin in parkearde auto oan skopt hie. De man wie lilk en reagearre him ôf op in auto op it Aldehoustertsjerkhôf.
De plysje seach de man skoppen en hâlde him oan. Hy is meinaam nei it plysjeburo dêr't proses-ferbaal tsjin him opmakke is.