Keamerferhier mei tenei oeral yn Ljouwert

Yn Ljouwert meie tenei yn de hele stêd keamers ferhierd wurde. Op 1 july giet in nije húsfestingswet yn. Gemeenten meie dan keamerferhier net mear beheine. Yn Ljouwert mocht oant no ta net mear as 5 persint studintewenten bûten it sintrum ferhierd wurde, om oerlêst foar te kommen.
De PvdA yn Ljouwert makket him soargen oer de gefolgen fan de nije wet. B. en w. binne dêr ek net wiis mei. Se besykje mei oare stêden by it ryk wat te regeljen. Der wurdt boppedat ûndersocht oft keamerferhier ek op in oare wize regele wurde kin.