"Ferheging btw-taryf soarget foar minder wurk yn de bou"

14 apr 2015 - 10:13

De bousektor tinkt dat it net goed komt mei de nije btw-ferheging. Dy giet op 1 july yn. Fanwege de krisis waard it taryf yn de bou yn 2012 tydlik ferlege nei 6 prosint. De bedoeling wie dat boubedriuwen mear opdrachten krije soe. Dit jier giet de btw werom nei it âlde nivo fan 21 prosint.

Neffens Rolf Koops fan de ôfdieling noard fan Bouwend Nederlân sil de nije regeling soargje foar minder wurk. Benammen lytse boubedriuwen binne de klos, sa tinkt Koops.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)