Frou (46) oppakt yn Weststellingwerf foar wapenbesit

14 apr 2015 - 10:03

In 46-jierrige frou út Weststellingwerf is moandei oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De plysje hie in tip krigen dat de frou in fjoerwapen yn hûs hawwe soe.

Doe't de plysjes it hûs ûndersochten, fûnen se in alarmpistoal en in buske mei pepperspray. De wapens binne yn beslach naam. De frou sit fêst foar fierder ûndersyk. Om hokker wapen it krekt giet, is net bekend makke.

Trefwurden: 
Weststellingwerf wapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)