Jong Hearrenfean hâldt 'kampioen' Jong Vitesse op 1-1

13 apr 2015 - 21:46

Jong Hearrenfean soarge der moandeitejûn foar dat Jong Vitesse yn de beloftekompetysje de kampioensskaal noch net útrikt krige. Op sportpark Skoatterwâld waard it 1-1. De earste helte hie ek wol skriftlik ôfdien wurde kinnen. Nei it skoft wie der foar it publyk mear te sjen, al waard it fuotbal nea geweldich. Maarten de Fockert, de Feanster keeper, kearde hiel moai in strafskop fan de Arnhemmers. Pelle van Amersfoort makke dêrnei prachtich de 1-0. In frije traap fan Marijn de Kler fan Vitesse hie De Fockert pakke moatten, mar hy die it net.

Jong Vitesse hat mei noch trije wedstriden te gean njoggen punten foarsprong op Jong Willem II. Jong Hearrenfean is de nûmer seis yn de kampioensgroep mei 11 út 11. Jong Vitesse hat 27 punten.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)