Bern wurde faker meartalich grutbrocht

13 apr 2015 - 18:47

It tal âlden dat bern Frysk- of meartalich grutbringt, nimt wer ta. Dochs kieze bern der letter faak foar om allinnich Nederlânsk te brûken, ek thús. Yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel is de GGD no frege op de konsultaasjeburo's al omtinken te jaan oan it meartalich grutbringen.

Dat bart yn it projekt 'Overdracht thuistaal' dat opset is mei help fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Afûk. Op it konsultaasjeburo yn Snits waard moandei mei it projekt úteinset mei de presintaasje fan it saneamde 'Taalgroeiboekje'.

Trefwurden: 
bern GGD meartaligens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)