Serious games dreech op 'e merk te krijen

13 apr 2015 - 17:02

Der wurde hieltyd mear spultsjes ûntwikkele om âlderein bewege te litten, mar it slagget mar net om se op de merk te krijen. Hegeskoalle NHL yn Ljouwert is dêrom yn de ûntwikkelfaze fan in serious game al yn petear mei in distributeur.

Serious games hawwe faak in lange ûntwikkelingstiid, mar der is net in soad klandyzje. Yn de testfaze binne âlderen der lykwols hiel entûsjast oer. Testgroepen dogge faak wol fanatyk mei. Bewegingsspultsjes mei help fan in kompjûter binne der al jierren, mar dochs binne der net in soad fan op de merk brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)