Blokkade earmerkwegerders ûnwettich, seit de rjochter

De blokkade by earmerkwegerders yn 2013 wie ûnwettich. Dat seit de rjochter yn in útspraak. Boer Hendrik van der Meer út Terherne hie in saak oanspand tsjin it ferbod op oan- en ôffier fan fee. Syn bedriuw wie troffen troch de blokkade.
De feeblokkade by Van der Meer en oare earmerkwegerders waard doedestiids oplein troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Mar de amtner hie dêr hielendal it rjocht net ta, hy brûkte it ferkearde formulier en makke by de ynfolling dêrfan ek noch flaters.
Van der Meer is tige bliid mei de útspraak fan de rjochter. Mar hy is noch net tefreden. Hy hat it idee dat boeren dy't it fee gjin earmerken yn dwaan wolle, socht wurde troch de NVWA en hy wol witte wat dêrachter sit. De NVWA woe moandei gjin kommentaar jaan op de saak.