Skriuwer Jan Terlouw hâldt 5 maaie-lêzing yn Ljouwert

Jan Terlouw
Skriuwer Jan Terlouw sil dit jier de 5 maaie-lêzing hâlde yn de Doarpstsjerke Huzum yn Ljouwert. Ferline jier luts de lêzing troch âld-minister Pieter Winsemius in folle tsjerke. Dêrom wol de organisaasje der in jierlikse tradysje fan meitsje. Foar 2016 stiet de eardere direkteur fan it sosjaal en kultureel planburo Paul Schnabel op it programma.
Jan Terlouw hold ferline jier in rede by de nasjonale deadebetinking yn Amsterdam dy't in soad yndruk makke.