Mear frijwilligers nedich foar reanimaasje by hertstilstân

13 apr 2015 - 12:52

De stichting Fryslân HartVeilig wol de kommende jierren tûzenen frijwilligers werve dy't minsken mei in hertstilstân reanimearje kinne. De organisaasje wol in netwurk fan frijwilligers oer de hiele provinsje hawwe. Immen dy't in hertstilstân krijt, moat binnen seis minuten holpen wurde kinne.

HartVeilig siket ûnder oare gearwurking mei bedriuwen dy't in AED ha. Dy moatte sintraal registreard wurde, sadat ek minsken fan bûten it bedriuw witte dat dêr sa'n defibrillator hinget.

fryslanhartveilig.frl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)