Seedyk op Amelân wurdt fersterke en ophege

13 apr 2015 - 11:45

Wetterskip Fryslân en Rykswettersteat begjinne yn de simmer mei de ferbettering fan de Waadseedyk op It Amelân. It wetterskip pakt de dyk oan, Rykswettersteat de feardaam. De dyk wurdt oer in lingte fan hast 17 kilometer fersterke en mei 35 sintimeter ophege. Dêrmei is It Amelân de kommende tsientallen jierren beskerme tsjin heech wetter.

It wurk, dêr't de tariedings al fan begûn binne, sil hast in jier duorje. It projekt is ûnderdiel fan it lanlike heechwetterbeskermingsprogramma. Tiisdei is der in ynformaasjegearkomste op it eilân.

Trefwurden: 
seedyk eilân wetterskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)