Man rydt auto ûnder ynfloed fan GHB

13 apr 2015 - 10:17

In Ljouwerter (26) is oanhâlden om't er yn de nacht fan snein op moandei mei GHB op achter it stjoer siet. Hy ried op de Aggemastate yn syn wenplak. De plysje fûn neist it fleske GHB ek noch twa joints yn syn auto.

De man is faker foar sokke fergripen oanhâlden. Boppedat ried er sûnder jildich rydbewys. Syn auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
GHB joint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)