Snitser follybalsters winne earste finalewedstriid

De follybalsters fan Snits pakten snein in oertsjûgjende 3-0 oerwinning op Eurosped yn de earste wedstriid fan de finalerige om it lânskampioenskip. Yn Almelo begongen de Snitser froulju poerbêst oan de wedstriid. Nei in 16-11 foarsprong kaam Eurosped lykwols hielendal werom yn de wedstriid. Mei 25-22 gong de earste set úteinlik dochs nei Snits.
Ek de twadde set waard mei 25-19 in proai foar de froulju fan trainster Petra Groenland. Yn in spannende tredde set sleepten de Snitsers de einoerwinning mei 25-23 oer de streek.