FVC rint tsjin rom ferlies oan by Germania

12 apr 2015 - 16:26

FVC ferlear snein mei 6-2 fan Germania. Yn Groesbeek seagen de Ljouwerters al nei 3 minuten tsjin in efterstân oan. Yn de 13e minút sette Jordy van Loon de lykmakker op it boerd. Fuort nei rêst naam FVC de lieding oer, doe't René Hoen yn de 48e minút foar de 2-1 tekene. Lang koe it meireizge Ljouwerter publyk lykwols net feest fiere, want efkes letter werstelde Germania de efterstân en kaam sels op foarsprong.

Mei de fjirde Groesbeekse treffer smiet de thúsploech de wedstriid definityf yn it slot en koe útrinne nei in romme oerwinning.

Troch it ferlies bliuwt de ploech fan trainer Bert Hollander stykjen op it lêste plak yn de sneinshaadklasse C mei 13 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert FVC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)