Koprinner Snits Wyt Swart fersteviget kopposysje

12 apr 2015 - 15:55

Snits Wyt Swart pakte snein in romme 7-0 sege op AFC Arnhem. Op eigen fjild sette Marco Ahmed de iepeningstreffer nei 21 minuten op it boerd. Erolind Derguti tekene in minút letter foar de 2-0. Yn de twadde helte makke Age Hains Boersma rap dien wurk mei de tredde Snitser treffer. Doelpunten fan Sean de Ruiter, twa fan Derguti en ien fan Boersma soargen úteinlik foar de romme einoerwinning.

De ploech fan trainer Berry Zandink komt troch de sege op 48 punten en stiet no 4 punten los fan de nûmer twa MSC, dy't ferrassend ferlear fan Quick '20.

Trefwurden: 
Snits fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)