BeachLeeuwarden moat beachfollybal op de kaart sette

12 apr 2015 - 15:15

De Ljouwerter follybalferienings Leevoc en VC058 komme mei in nije klup om it beachfollybaljen yn Fryslân op de kaart te setten. Mei it inisjatyf BeachLeeuwarden wolle de Ljouwerter ferienings ynteressearre follyballers yn 'e kunde komme mei it beachfollybaljen.

Op sportpark Nijlân is in spesjaal beachfjild fan strânsân oanlein. Fan 13 maaie ôf wurde der wykliks trainings fersoarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)