Basketballers fan Aris wis fan play-offs

12 apr 2015 - 14:27
Aris - Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris binne wis fan de play-offs. De Ljouwerters wiene ôfhinklik fan de útslach yn de wedstriid tusken Zwolle en Amsterdam. Zwolle wûn mei 68-66, wêrtroch't de Ljouwerters wis binne fan it sechsde plak en dus de play-offs.

Sneon ferlear Aris sels mei 80-56 fan Donar út Grins. Fan begjin ôf oan rûnen de Ljouwerters efter de feiten oan. Yn it earste kwart pakte Donar in 27-12 foarsprong. Foar rêst waard dizze marzje ferromme nei 44-25. Nei it skoft slagge de ploech fan coach Tom Simpson der net yn om de skea yn te rinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)