Fjouwer finalisten Kleine Prijs fan Fryslân bekend

Heartgrown
Hardcoreband Heartgrown hat sneon de heale finale fan de Kleine Prijs fan Fryslân wûn. Yn poppoadium Iduna yn Drachten strieden seis bands om in finaleplak. Singer-songwriter Mijke Erying krige as twadde in finaleplak tawiisd. Yn Snits wie freed de earste heale finale. Dêr hellen Daan van Beijeren en Abdomen in finaleplak.
De sjuery kiest út de oare acht dielnimmers oan de heale finale noch fjouwer wildcards. De finale is op 23 maaie yn poppoadium Romein yn Ljouwert. De Kleine Prijs wurdt organisearre troch Friesland Pop.