Keal swart lamke yn Menaam hat it net oprêden

12 apr 2015 - 12:46

It keale swarte lamke, dat in moanne lyn op de pleats van Van der Meij yn Menaam berne waard, hat it net rêden. It bistje like sûn, mar bleau wat achter yn de groei. Op Peaskemoarn lei it ynienen dea yn it hok.

De berte fan in keal laam is in seldsum barren, neffens de skieppeboer. Hielendal unyk is it niet; fjouwer jier lyn is ek op It Amelân in keal laam berne. Ek dat bistje hat it úteinlik net oerlibbe.

Trefwurden: 
Menaam lamke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)