Fytser falt troch tûke op fytspaad yn Burgum

12 apr 2015 - 12:38

Yn Burgum docht de plysje ûndersyk nei in ûngelok op de Lauermanstraat. Even foar tsienen fytste in 42-jierrige frou út Burgum mei in bern fan in jier as seis achterop dêr by de achterkant fan sportkompleks De Wetterstins. De frou en it bern kamen te fallen om't der nei alle gedachten mei opsetsin in grutte tûke oer it fytspaad lein wie. De slachtoffers rekken net ferwûne, mar de fyts is wol beskeadige. De plysje siket tsjûgen fan dit ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)