Kringloopwinkel fan De Fûgelpits ferhuzet nei Dokkum

12 apr 2015 - 12:15

De kringloopwinkel fan De Fûgelpits yn Peazens Moddergat sil meikoarten oer nei in nije fêstiging yn Dokkum. As tarieding is de ynventaris fan de winkel dit wykein oerbrocht nei de nije winkel. De Fûgelpits hopet troch de ferhuzing yn de takomst mear jild binnen te heljen, seit eigener Gaatske Wiersma.

De ekstra ynkomsten binne nedich om de eksploitaasje fan de fûgelopfang ek yn de takomst sûn te hâlden. Dat is wichtich om ekstra fûnsen binnen te heljen foar ûnderhâld, modernisearring en útwreiding fan De Fûgelpits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)