Mei falsk jild betelje by Ljouwerter merke
By de merke yn Ljouwert hat in jonge fan 17 jier út de stêd sneontejûn besocht mei in falsk briefke fan 20 euro te beteljen. De merke-eksploitant op it Cambuurplein hie it yn de gaten en warskôge de plysje. De jonge hat in proses-ferbaal krigen en it falske biljet is yn beslach nommen.