Fytser oanriden troch auto yn Drachten

© Sicco Riedstra
Yn Drachten is sneontejûn in man fan 84 jier út Drachten ferwûne rekke nei in ûngelok mei de fyts. Op de Noarderdwersfeart soe de man oerstekke, mar seach dêrby in auto oer de holle. Hy waard oanriden troch in automobiliste fan 25 jier út Drachten. De fytser rekke ferwûne oan heup en holle en is mei in ambulânse nei sikehûs Nij Smellinghe brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.