Hearrenfean spilet "samba-fuotbal" mei 5-2 winst op AZ

Yn in spektakulêre wedstriid hat SC Hearrenfean thús mei mei 5-2 wûn fan AZ. Utblinker "Samba" Sam Larsson wie mei twa treffers de grutte man. Al seach it dêr yn it begjin net nei út, nei 48 tellen skoarde Steven Berghuis de 0-1. Yn de earste helte wie it in iepen wedstriid mei grutte kânsen foar beide ploegen. Troch de lykmakker yn de blessueretiid fan de earste helte troch Simon Thern, dielde Hearrenfean mentaal in behoarlike tik út.
Yn de twadde helte kaam Hearrenfean op foarsprong troch Luciano Slagveer, mar twa minuten letter wie it alwer gelyk troch opnij Berghuis. Hearrenfean spile fol op de oanfal en trainer Lodeweges brocht in ekstra oanfaller (Henk Veerman) foar in ferdigener (Joost van Aken). Dat resultearre yn twa doelpunten fan útblinker Sam Larsson binnen sân minuten. In oare útblinker, Joey van den Berg soarge mei in knappe folly foar it slotakkoart.
Troch de winst op AZ is dielname oan de play offs foar Europeesk fuotbal, mei noch fjouwer wedstriden te gean, sa goed as wis. Foar doelman Kristoffer Nordfeldt wie it dûbel feest, hy spile syn hûndertste wedstriid yn de kleuren fan SC Hearrenfean.