Lêste dei Fryske hannelsmissy op Yslân

Alve Fryske bedriuwen binne dit wykein yn Yslân, om te sjen oft se saken dwaan kinne mei bedriuwen en oerheden dêr. De ûndernimmers komme út de sektoaren fan wettertechnology, farve, lânbou en ekologyske produkten. Kommissaris John Jorritsma is mei de hannelsdelegaasje mei. Hy hat ûnder oare praat mei de minister fan Lânbou fan Yslân en dy ek útnoege foar in tsjinbesite.
Ek Gerard van Klaveren is mei. Hy is honorêr konsul foar Yslân yn Nederlân. Snein komt de delegaasje wer werom.
Ofsjoen fan it ûnlijige en kâlde waar op Yslân binne de ûnderfinings fan de hannelsdelegaasje posityf. Guon bedriuwen binne sels al dwaande mei offertes foar projekten op Yslân. Under oare op it mêd fan lânbou en wetter kin Yslân wol wat fan Fryslân leare. Oarsom kin Fryslân ek fan Yslân leare, fynt Jorritsma. Jonge minsken wurde oanmoedige om in eigen bedriuw te begjinnen, bygelyks yn de ICT en de wurkleasheid yn it lân is leech. Jorritsma hat ek noch útsjoen nei Yslânske hynders op fersyk fan âld-deputearre Tineke Schokker. Jorritsma nimt gjin hynder mei, mar wol foto's en ynformaasje dêr't frou Schokker har foardiel mei dwaan kin.
Kommissaris fan de kening Jorritsma neamt de Fryske hannelsmissy nei Yslân 'slagge'. Hy ferwachtet dat de hannelsmissy wat opsmite sil foar it Fryske bedriuwslibben. Hy seit lykwols noch neat oer konkrete ôfspraken.