Nije rinbrêge yn haven Harns iepene

11 apr 2015 - 13:00

Yn Harns is sneontemoarn de nije rinbrêge by de haven iepene. Dy brêge sit yn de nije kearmuorre, dy't koartlyn yn de stêd oanlein is. Dy kearmuorre moat yn gefal fan heechwetter de see tsjinhâlde. Mei de rinbrêge ûntstiet in makliker kuierrûte fanút de haven nei it sintrum fan Harns.

Net elkenien sjocht it foardiel fan de nije brêge, mar de measte 'ouwe seunen' binne dochs wol bliid mei de nije ferbining. Troch de nije ferbining hoecht it publyk minder fier om te rinnen fan haven nei binnenstêd of oarsom.

Trefwurden: 
Harns kearmuorre rinbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)